Belgen fan it Waad oppikt

20 aug 2003 - 00:00

De rêdingstsjinsten op Flylân hawwe it begjin dizze wike drok hân mei in tal Belgen. De Frânsktalige húshâlding makke yn in rubberboatsje de oerstek fan Tessel nei Flylân. Op de hinnereis kaam it boatsje fêst te sitten op it Waad troch it sakjende wetter.

It gesin koe noch op it eilân komme en nei in oernachting yn de waskhokken fan de jachthaven soene se werom nei Tessel. Dat slagge net sûnder help fan de helikopter en de rêdingsboat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)