Mear buertskoallen yn Ljouwert

20 aug 2003 - 00:00

Ljouwert is sa ûnder de yndruk fan it sukses fan 'e twa buertskoallen dat der mear komme. De skoallen yn 'e Frijheidswyk en Heechterp/Skieringen wurkje gear mei organisaasjes foar wolwêzen, kultuer en frije tiid. Doel dêrby is om bern ek bûten skoaltiid genôch ûntwikkelingskânsen te bieden.

De gemeente wol earst yn Bilgaard en Achter de Hoven nije buertskoallen ûntwikkelje. Bern út sokke wiken hawwe sa'n skoalle it measte nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)