Plysje wol junks oanpakke

19 aug 2003 - 00:00

De plysje fan Drachten wol in grutte groep kriminele junks foar langere tiid opslute. Sa wolle se de drugsoerlêst tsjingean. De drugsrûnte yn Drachten is de lêste tiid ferhurde. In soad dealers út it Westen ha Drachten ûntdutsen.

Yn Drachten wenje en komme in soad junks. Dêrtroch nimme geweld en eangst yn dy rûnten ta en dat jout oerlêst. De Kuno van Dijkstichting sjocht neat yn de plannen. Neffens de stichting is mear helpferliening nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)