Oerlêst Dokkumer jongerein

© Omrop Fryslân
Baldadige jongeren jeie toeristen út Dokkum. Benammen boatsjeminsken dy't mei harren skip by de Woudpoortsbrêge lizze, hawwe skjin har nocht. De jongerein soe de toeristen terrorisearje troch nachts in soad leven te meitsjen, mei bierfleskes te smiten en boaten los te meitsjen.
Guon fakânsjegongers hawwe Dokkum al ferlitten. Boargemaster Cazemier wol mear plysje ynsette om de jongeren yn de stringen te hâlden.