VROM-ynspeksje yn Kollumerlân

© Omrop Fryslân
Fan in soad gebouwen yn de gemeente Kollumerlân is ûndudlik oft se wol brânfeilich binne. Dat hawwe ynspekteurs fan it ministearje fan VROM fêststeld. De ynspeksje fynt dat de gemeente op koarte termyn alle gebouwen neisjen moat. De gemeente sels wol dat foar it jier 2007 klear hawwe.
De VROM-ynspeksje wol ek dat in grut part fan de bestimmingsplannen by de tiid brocht wurdt. Ek moat Kollumerlân mear omtinken jaan oan miljeubelied.