Frou mei hite oalje oergetten

19 aug 2003 - 00:00

In frou (36) út Drachten is ôfrûne nacht swier ferwûne rekke nei't har eks-man hite oalje oer har hinne getten hie. De man kaam de frou yn har sliep yn har wente oan 'e Hooizolder oer it mad. Se hie swiere brânwûnen oan 'e earms en oan 'e skonken. De plysje hat de man oppakt en fêstset op it buro. De frou is oerbrocht nei it sikehûs. De oanlieding foar de mishanneling is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)