Penta hat wer in nij bestjoer

19 aug 2003 - 00:00

It is basketbalclub Penta út Drachten moandei lang om let slagge om nije bestjoersleden te finen. De klub, dy't útkomt yn 'e rayon haadklasse, woe himsels opdoeke omdat der gjin bestjoersleden mear te finen wiene.

It nije bestjoer sil oan de slach mei de problemen fan it earste team. Dat moat fan it sportbedriuw fan 'e gemeente op sneon spylje yn plak fan op freed. De measte spilers kinne net spylje op sneon, omdat se dan wurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)