Jan Brens wol nij fanfare orkest

19 aug 2003 - 00:00

Dirigint en arrangeur Jan Brens út Snits is fan doel om in nij fanfare orkest op te rjochtsjen foar kristlike en klassike muzyk. Brens tinkt oan in orkest fan 40 muzikanten dy't benammen koralen spylje sille, want neffens him jouwe de korpsen te min omtinken oan dizze muzyk. It nije fanfare orkest krijt de namme Hymne.

Brens fynt dat de measte korpsen te folle rock en musical arrangeminten spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)