Foarearst gjin trochstart Brada

18 aug 2003 - 00:00

De fallite slachterij Brada's Vleeschbedrijf út Ljouwert makket op koarte termyn gjin trochstart. Dat hat kurator Van der Spek moandei sein. De ûndernimming leit dizze wike de slachtaktiviteiten stil. Ek it ferwurkjen fan slachtfleis sil nei ferwachting ein dizze wike ophâlde.

De slachterij waard in goed wike ferlyn fallyt ferklearre. De kurator bliuwt yn oerlis mei partijen dy't ynteressearre binne yn in trochstart fan Brada.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)