Krityk op nij bestjoer FPS

18 aug 2003 - 00:00

De leden fan it Frysk Hynstestamboek hawwe fikse krityk op it nije bestjoer. Dat soe net goed kommunisearje. De Fokferiening Friesche Paard Noord- en Zuidholland uteret dy krityk. De 350 Fryske leden binne dêrby oansluten.

De feriening soe yn 'e jierrekken fan 2002 in grutter tekoart opfierd hawwe as yn wurklikheid bestiet. Foarsitter Jaap van der Meulen ûntkent dat en seit dat it tekoart krekt noch folle grutter is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)