Float hoecht net yn te krimpen

© Omrop Fryslân
De Nederlânske fiskersfloat hoecht fan 'Europa' net fierder yn te krimpen, mar dêrmei binne de swierrichheden yn 'e sektor noch net oplost. Dat seit foarsitter Nooitgedacht fan it Nederlânsk Fiskersbûn.
De lytse Fryske garnalefiskers bliuwe sitten mei in boete fan 'e NMa fanwege priisôfspraken. En de kokkelfiskerij wurde noch hieltyd tsjinwurke troch natuerorganisaasjes. Sanearing sil dan noch wolris plakfine, seit Nooitgedacht.