Dalstra wint op 'e Harkema

17 aug 2003 - 00:00

Johan Dalstra fan Bûtenpost wûn sneon de Ronde fan De Harkema. Yn de finale ried Dalstra by de fiif oare koprinners wei. Hy koe dat oant en mei de lêste omloop folhâlde. Peter de Vries fan Oranjewâld wie dêrnei de sterkste fan de fiif efterfolgers en waard twadde.

It tredde plak wie foar Sierd Steiginga fan Eksmoarre. Troch syn oerwinning pakte de 20-jierrige Dalstra ek de einoerwinning yn de twadeiske Pompeblêdwedstriid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)