Radio Eenhoorn fiert feest

16 aug 2003 - 00:00

Radio Eenhoorn, de lokale radio fan Menameradiel, Frjentsjerteradiel en It Bilt fierde sneon in jubileumfeest. De earste útstjoering wie fyftjin jier lyn. Dêrmei is Eenhoorn ien fan de âldste lokale stjoerders.

By Radio Eenhoorn is der in soad omtinken foar sport, en benammen keatsen. Der wurkje 100 frijwilligers. Yn it wykein stjoert Eenhoorn de hiele dei út, op wykdagen in oere. Mear stjoertiid is de grutte winsk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)