'Besite Beatrix hat ynfloed'

© Omrop Fryslân
Keninginne Beatrix wurdt 27 augustus mei har besite oan noardeast-Fryslân net begelaat troch bygelyks ministers of oare Haachske kopstikken. Dochs betsjut dat net dat de besite gjin ynfloed hawwe kin op bygelyks de ekonomy fan de streek.
Neffens boargemaster Bilker fan Kollumerlân komme saken as problemen mei de lânbou, jongerein en ûnderwiis fia Beatrix wis by de ferantwurdlike ministers terjochte.