Deadswinsk fia SMS

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei in 32-jierrige man út Ljouwert oanhâlden fanwege it ferstjoeren fan in SMS-berjocht mei driigjende teksten. De man hie foar de grap it deadswinsk stjoerd nei in official fan SC Hearrenfean. It nûmer hie de Ljouwerter fûn op in teletekstpagina. De plysje behellet de saak yn it ûndersyk nei oanlieding fan reboelje by de oefenwedstrijd Cambuur-Hearrenfean. Dat wie ferline wike freed.