Neeleman liedt NK Reinbôge

© Omrop Fryslân
Mark Neeleman fan Reeuwijk hat nei de twadde dei fan it NK Reinbôgesilen de lieding nommen. Hy wûn freed beide wedstriden. Maurice Schonk fan Snits stiet no twadde yn it klassemint en Alwin van Dalen fan Zaandam is tredde.
Jilko Andringa fan Grou einige as twadde en as njoggentjinde en stiet no fiifde. Harry Amsterdam fan Snits is de tredde Fries yn de top fan it klassemint mei in sechsde plak. Sneon en snein wurdt fierder syld.