Reaksjes op rapport ATF

15 aug 2003 - 00:00

Foar de grutte brân hie der by ATF ek al seis kear earder brân west. De provinsje hie dêrom alerter wêze moatten, sa fynt de steatefraksje fan Christenunie/SGP. Dy wol noch altiten in parlementêr ûndersyk nei de rol fan 'e provinsje.

Ek by omwenjen fan ATF libje noch in soad fragen. Sa soene der de lêste tiid in soad nuvere syktegefallen west hawwe. De provinsje soe te min omtinken ha foar de gefolgen foar de folkssûnens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)