Friesland Bank buorket goed

© Omrop Fryslân
De Friesland Bank hat in goed heal jier efter de rêch. Dat docht bliken út de healjiersifers dy't de bank freed publisearre hat. "De bank hat it goed dien, sjoen de net ienfâldige omstannichheden op de merk," sa konkludearret foarsitter Offringa.
De winst is dit heal jier mei fjouwer persint groeid. Ek oer hiel 2003 wurdt winststiging ferwachte. De groei komt foar mear as de helte foar rekken fan fêstigings bûten Fryslân.