Oerlis tusken bûnen en Enna

15 aug 2003 - 00:00

De fakbûnen en spuitbussefabryk Enna Aerosols út Dokkum sille wer om tafel. It personiel drige foarige wyke noch mei aksjes. Dat hat fertuten dien, want de direksje hat de bûnen útnoege om wer te praten. Mooglike aksjes binne lykwols noch net fan de baan.

De direksje fan Enna Aerosols wol al skoften flink besunigje. It personiel is dêr foel op tsjin. De sfear yn it fabryk is yntusken om te snijen. It personiel fielt him yntimideare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)