Manlju mei-inoar op 'e fûst

15 aug 2003 - 00:00

Twa manlju binne tongersdeitejûn mei- inoar op 'e fûst gien yn Drachten. In 25-jierrige man seach by it útlitten fan 'e hûn dat in man en in frou spul hiene. De man joech de frou in klap en de Drachtster sei dêr wat fan. De man joech de Drachtster te ferstean dat er him der net mei bemuoie moast.

Dêrop sloegen begûnen de manlju inoar te huffen en te slaan. De frou hat de twa út-inoar helle. De manlju ha beide oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)