'Alde polityk' yn Menameradiel

15 aug 2003 - 00:00

De riedsleden fan 'e kolleezjepartijen yn 'e gemeente Menameradiel fiere torentjesoverleg mei de wethâlders. De opposysjepartijen FNP, VVD en Grien Links krigen by fersin in ferslach fan in koalysje-oerlis yn hannen, neffens de opposysje is dat yn striid mei it dualisme en 'âlde polityk'.

De opposysje sil de kommisjegearkomste fan 19 augustus boykotte en in alternative iepenbiere gearkomste belizze yn kafee Black Horse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)