Provinsje: gjin flaters by ATF

15 aug 2003 - 00:00

De provinsje hat gjin ûnterjochte fergunning ôfjûn oan ôffalferwurker ATF yn Drachten. De provinsje seit dêrmei net skuldich te wêzen oan 'e grutte fergifbrân yn maaie 2000. Dat is freedtemoarn op in parsekonferinsje bekendmakke.

By de brân gie 480 ton gemysk ôffal yn flammen op en kamen skealike stoffen frij. Dat soarge foar ûnrêst ûnder de befolking. It Nibra kaam ek al ta de konklúzje dat ATF sels skuldich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)