Schonk liedt by NK Reinbôge

15 aug 2003 - 00:00

De Snitser Maurice Schonk hat nei de earste dei de lieding nommen op 'e Snitsermar by it Nederlânsk kampioenskip silen yn 'e reinbôgeklasse (regenboog). Schonk helle twa kear in twadde plak. Alwin van Dalen fan Zaandam is de nûmer twa, Bouw van Wijk fan Woubrugge stiet tredde.

De twadde Fries is Grouster Jilko Andringa. Hy stiet nei de earste dei op it sande plak. It NK Reinbôge op 'e Snitsermar rint noch oan en mei snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)