Tsjinslaggen foar Art in Motion

© Omrop Fryslân
De ynternasjonale útstalling Art in Motion yn de bosk fan Ypeij by Tytsjerk krijt tsjinslach op tsjinslach te ferwurkjen. Ein juny waard de útstalling iepene en sûnt dy tiid is der in objekt stikken gien troch nei alle gedachten fandalisme en in oar objekt troffen troch it wjerljocht. Ek is der in objekt stellen.
It besikerstal fan de eksposysje is ek al net sa heech as twa jier ferlyn by de foarige útstalling yn de bosk.