'Brân ATF skuld bedriuw sels'

© Omrop Fryslân
De brân yn maaie 2000 by ôffalferwurker ATF yn Drachten is foar in grut part de skuld fan it bedriuw sels. Ta dy konklúzje komt it Nibra, it ynstitút foar brânwacht en rampebestriding.
It ATF-personeel gie tige ûnsoarch- fâldich mei gemyske stoffen om. De brân is nei alle gedachten ûntstien trochdat stoffen dy't net byïnoar koenen, wol byïnoar dumpt waarden. Ek wurke de nije blusynstallaasje net goed. By de brân kaam 480 ton oan gemyske stoffen frij.