Opskuor yn Gau oer oanlis brêge

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Gau hawwe krityk op de wurksumheden foar de nije brêge by it doarp. Al nei in wike hawwe de Gausters harren nocht. In pear kilometer omride wurdt noch akseptearre, mar dat der kabels stikken lutsen wurde net.
In stroomsteuring wie it gefolch. De Gausters tsjinje no in skeaklaim yn. Net by de gemeente Wymbritseradiel, hoewol't der better kommunisearre wurde moatten hie, mar by de oannimmer. De brêge moat heal novimber klear wêze.