Droechte: boeren yn problemen

14 aug 2003 - 00:00

Ierappelboeren yn súdeast-Fryslân sitte yn de problemen troch de droechte. De opbringsten lizze dit jier nei alle gedachten folle leger om't de sângrûn dêr't se op ferbouwe, útdroege is.

Fryske feeboeren fuorje op it stuit harren bisten by en sprekke dêrby alfêst de winterfoarried oan. Yn it lân groeit no te min gers foar de molkkij. Neffens Wetterskip Fryslân is it wetter noch hieltyd op peil. Dat komt om't der wetter fan de Iselmar binnenlitten wurdt

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)