Rampealtsjes yn Kollum?

© Omrop Fryslân
De gemeente Kollumerlân sil oerlizze mei juwelier Rollingswier yn Kollum oer it pleatsen fan rampealtjes foar de winkel. Begjin augustus wie der in ramkreak mei in soad skea.
De juwelier hie earder al in fersyk yntsjinne foar rampealtsjes. De gemeente is der gjin foarstanner fan, mar siket dochs nei in oplossing. Sa wurdt tocht oan pealtsjes dy't oerdei yn de grûn sakje kinne, en wer út de grûn komme as de winkels ticht binne.