Weidebeekjuffer is werom

14 aug 2003 - 00:00

De bysûndere libelle de weidebeekjuffer is werom yn Fryslân. De libelle dy't mei syn bûnte kleuren in eksotysk uterlik hat, is sinjalearre yn de buert fan Easterwâlde en Aldeberkeap. It bist is ûntdutsen troch de libellewurkgroep De Hynstebiter.

Yn de jierren santich fan de foarige ieu is de libelle foar it lêst sjoen. Dat er no werom is, hat te krijen mei it feit dat it wetter yn sleatten en beekjes skjinner wurden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)