Untuchtsaak op It Amelân

13 aug 2003 - 00:00

In 41-jierrige ambulânsesjauffeur fan It Amelân is tiisdei oanholden foar ûntucht mei kollega's. Oant no ta ha tolve minsken oanjefte dien, allegearre mearderjierrige froulju.

De ûntuchtige hannelings soene al meardere jierren plakfûn ha. De plysje slút net út dat noch mear oanjeftes folgje. De man sit noch fêst op it plysjeburo fan Ljouwert. De plysje wol net sizze oft er al earder mei justysje yn oanrekking west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)