Fryslân no smogfrij

13 aug 2003 - 00:00

Fryslân is op dit stuit smogfrij. Dat docht bliken út mjittings fan de provinsje. Tiisdei wie der noch sprake fan earnstige smogfoarming. By it mjitpunt Balk waard in konsintraasje fan 240 mikrogram stofdieltsjes de kubike meter lucht metten.

Benammen minsken mei astmatyske oandwanings moatte kalm oan dwaan by sa'n konsintraasje. Sy kinne by earnstige smog lêst krije fan benaudens en pineholle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)