Wylde bargen yn Gaasterlân

© Omrop Fryslân
De jagersferiening fan Gaasterlân wol dat de 20 wylde bargen, dy't sûnt ferline wike troch de Gaasterlânske bosken doarmje, gau ûndersocht wurde op sykte. Wurdfierder Anne Gersjes fan 'e jagersferiening tinkt dat de bargen in gefaar foarmje kinne foar de lânbou of sels de folkssûnens. De bargen frette fan 'e maisfjilden. Gersjes fynt dat de plysje op syk moat nei de minsken dy't de bargen útset hawwe.