Silhûet Harns wurdt 'foller'

© Omrop Fryslân
It silhûet fan Harns krijt der freed twa nije havenkranen by. Se komme te stean yn 'e nije yndustryhaven. De Harlingen Marine Terminal BV bout dêr in nij oerslachsintrum en dêr soene yn july al twa kranen bykomme. It slagge doe lykwols net om de kranen yn Harns te krijen.
Underwilens binne de kranen ûnderweis. Se komme nei alle gedachten tongersdeitemiddei of freedtemoarn oan. De kraanbaan moat novimber klear wêze.