Ekstra jild foar medysk sintrum

13 aug 2003 - 00:00

It nije medysk sintrum op Skiermûntseach dat op dit stuit boud wurdt, krijt ekstra subsydzje fan de provinsje. Deputearre Steaten hawwe nochris 45.000 euro tasein. De totale kosten bedrage 1,6 miljoen en der wie in tekoart fan 105.000 euro. Dêr springt de provinsje no yn by.

Yn it sintrum komme twa húsdokters, in toskedokter, in fysioterapeut en 24-oere-soarch foar dei- en nachtopfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)