Smookferbod op eilannen

12 aug 2003 - 00:00

It Amelân en Skiermûntseach hawwe op advys fan de regionale brânwacht in smookferbod ynsteld foar de dunen en bosken fan de eilannen. De bewenners wurde fia lokale en regionale media ynljochte. Yn de havens steane ynformaasjebuorden dy't besikers op it smookferbod wize.

Neffens boargemaster Fennema fan Skier nimt de kâns op brân mei de dei ta. Op de eilannen steane yn de dunen in soad fakânsjehuzen mei in reiten tek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)