Earnstige smog yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân die him tiisdei earnstige smog-foarming foar. By it mjitpunt Balk waard in konsintraasje fan 240 mikrogram stofdieltsjes de kubike meter lucht metten. De provinsje Fryslân wiist minsken der op dat swiere fysike ynspanning bûtendoar net sa geskikt is.
Benammen minsken mei astmatyske oandwanings moatte kalm oan dwaan, want sy kinne lest krije fan benaudens en pineholle. Ek woansdei moat noch rekken hâlden wurde mei smogfoarming.