Noardfrysk leare yn it Frânsk

12 aug 2003 - 00:00

De Bretonske taalaktivist Michel Bolloré-Pellé hat in grammatika fan it Noardfrysk makke yn it Frânsk. It boek hjit 'Les règles de grammaire du frison septentrionale'. "No is der in boek foar ien yn Frankryk om Noardfrysk te learen", seit de Breton oer syn boek.

Mei de grammatika yn it Frânsk is it folle lytsere Noardfrysk mei 10.000 sprekkers yn Noard-Dútslân ús Frysk foar. De grammatika beskriuwt it Mooringer Frasch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)