Katwijk - Jong Hearrenfean: 0-5

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn yn 'e foarronde fan 'e Amstel Cup de amateurs fan Katwijk oertsjoegjend ferslein mei 0-5. De Hearrenfean-goals waarden makke troch Abgar Barsom (2x), Hakansson, Rigters en Santi Kolk. De útslach hie noch heger útfalle kinnen, want Hearrenfean miste ferskate kânsen.
Troch de winst yn Katwijk mei Jong Hearrenfean no meidwaan yn 'e earste ronde fan 'e Amstel Cup.