Hippodroom: 1400 besikers

© Omrop Fryslân
De útstalling 'Hippodroom' yn Bûtenpost, ta gelegenheid fan it fyftichste Concours Hippique, hat 1400 besikers lutsen. Fanwege it jubileum wie der yn de Herfoarme tsjerke in útstalling te sjen fan it wurk fan tsien keunstners. Alle wurken hiene it hynder as tema.
De measte minsken kamen ferline wike woansdei op de dei fan it Concours. Mar ek op oare dagen wisten de minsken de eksposysje te finen.