Stean by 't Fean

© Omrop Fryslân
It Abe-Lenstrastadion fiert by wize fan proef wer steanplakken yn. Yn it gastefak ferdwine 600 stuollen sadat der 800 fans stean kinne. Nei de plysje en de brânwacht is ek de KNVB akkoart mei de proef.
Feyenoordsupporters drigen in pear wiken lyn noch mei aksjes as sy net mei 800 man op 't Fean komme koene. Dy aksjes binne no fan de de baan. As de proef slagget, komme der mooglik ek steanplakken foar de eigen supporters.