Rotonde Mulllum: 12 km omride

© Omrop Fryslân
De oanlis fan in nije rotonde by Mullum betsjut in omwei fan 12 km foar ferkear foar de Harnzer haven. Fan 'e Ofslútdyk ôf kinne se earst by Frjentsjer ôfslaan en moatte dêrnei weromride nei Harns.
De wurksumheden begjinne moandei. Tolve wiken lang meie frachtweinen langer as 10 meter net troch de binnenstêd. De gemeente hopet dat ek automobilisten de omliedingsbuorden folgje en net massaal troch de stêd ride sille. De rotonde komt by de ôfslach fan 'e N31.