Koart pleit sikehûs en gemeente

© Omrop Fryslân
It nije bêdehûs fan sikehûs De Tjonger- schans op it Hearrenfean foldocht net oan alle easken fan brânfeiligens. Alle keamers soene in brânwearende doar hawwe moatte. Om't dat net it gefal is, lit de gemeente twa brânwachten troch it sikehûs surveillearje. Dat kostet it sikehûs 15.000 euro yn 'e moanne.
De Tjongerschans hat no in koart pleit oanspand tsjin de gemeente. It bêdehûs soe sertifisearre wêze as brânfeilich. Dat is lykwols basearre op âlde regels.