Cambuur-fan foar Krijgsraad

11 aug 2003 - 00:00

In 21-jierrige militêr dy't freed op Hearrenfean-fans ynried, sil terjochtstean foar de Krijgsraad. Him wurdt besykjen ta deaslach ten leste lein.

De man wie belutsen by rellen tusken Cambuur- en Hearrenfeansupporters. Hy siet yn in auto dy't mei grutte snelheid op Fean-fans ynried. Nimmen rekke ferwûne. Wa't de auto bestjoerde is noch net dúdlik. De man melde him sneon sels by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)