Oerlêst swalkers en jongerein

11 aug 2003 - 00:00

Yn Ljouwert groeit de oerlêst fan smoargens yn parken en by hingplakken. Troch it moaie waar bliuwe jongerein en swalkers op 'e dyk omhingjen en litte blikjes en oare smoargens lizze.

Yn de boarterstún yn de Ljouwerter wyk Huzum-west is it net mear ferantwurde om de bern allinnich boartsje te litten. De struken lizze fol smoargens en it jiskefet rint oer. Neffens de gemeente wurdt der ekstra surveilleard om de oerlêst tsjin te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)