Keatser krijt 300 euro boete

© Omrop Fryslân
Keatser Dirk Jan van der Woud hat fan it keatsbûn KNKB in boete fan 300 euro oplein krigen. Van der Woud krige de boete om't er by de priisútrikking op de PC it ferkearde shirt oan hie.
Neffens ôfspraken tusken keatsers en KNKB moatte de earste en twadde priiswinners fan in keatspartij by de priisútrikking it wedstriidshirt drage mei de namme fan de haadsponsor fan it keatsbûn. Van der Woud, 2e op de PC, hie in shirt oan mei syn eigen sponsor.