Wierstra 7de yn Antwerpen

11 aug 2003 - 00:00

Frank Wierstra fan Burgum is nei fiif etappes yn de 'Ronde fan de provinsje Antwerpen' as sande einige yn it einklassemint. De oerwinning wie foar de Belch Yves van Gorp.

Van Gorp hie in foarsprong fan 1 minút en 9 tellen op de Burgumer. Frank Wierstra waard wol winner fan de blauwe trui. Dat betsjut dat hy de bêste foarstejiers junior wie yn 'e Ronde fan 'e provinsje Antwerpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)