Seerden werom op keatsfjild?

© Omrop Fryslân
Ald-topkeatser Erik Seerden komt mooglik werom op de keatsfjilden. Andre Kuipers en Chris Wassenaar wolle mei him in partuer foarmje. Seerden, winner fan de PC yn 1991, 1992 en 1993, soe as opslagger de opfolger wurde fan Pieter van Tuinen, dy't syn ôfskie nimme sil.
It is net dúdlik oft Seerden as net-aktyf keatser oar jier samar wer yn de haadklasse útkomme mei. Neffens Faber fan de technyske kommisje is it reglemintêr "in moeilik ferhaal".