Wetterprobleem ôfnommen

© Omrop Fryslân
It wetterprobleem yn Fryslân is ôfnommen. Sneontejûn is der folle minder wetter brûkt as in jûn earder. Wetterbedriuw Vitens is bliid dat minsken sunich binne mei wetter. De reservoirs sitte no foar trijekwart fol.
Direkteur Silvius freget wol om ek de kommende dagen sunich te bliuwen. Dat is nedich omdat der twa lekken yn transportliedings fûn binne. Boeren tusken Snits en Frjentsjer ha dêrtroch in pear oeren sûnder wetter sitten.