Blau-alch yn Griene Stjêr

09 aug 2003 - 00:00

Yn it wetter fan it Griene Stjêr-gebiet by Ljouwert is blau-alch konstatearre. It wetterskip Fryslân ûndersiket oft de konsintraasje sa heech is dat minsken net mear yn it wetter swimme meie. Der jildt no in negatyf swimadvys. De warskôging stiet mei buordsjes oanjûn.

Blau-alch wurdt by waarm waar skealik. Der driuwe dan grienige of blauwe skomlagen yn it wetter. Blau-alch feroarsaket jûkte en irritaasje oan de hûd en maach- en darmklachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)