Cambuur - Hearrenfean: 0 - 0

09 aug 2003 - 00:00

De oefenwedstriid Cambuur - Hearrenfean enige freedtejûn yn in 0-0 lykspul. Yn it Cambuurstadion waard foar it earst fuotballe op keunstgers. Foar in goeie 8.000 taskôgers krige Hearrenfean yn 'e earste helte de bêste kânsen.

Yn 'e twadde helte wiksele Foppe de Haan syn folsleine alvetal, en kaam der mear lykwicht tusken de ploegen. Cambuur krige ek in pear kânskes yn 'e twadde helte, mar al mei al wie it gjin goeie fuotbalwedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)